Tomke yn de Byb!

September 7th, 2022

 

Yn de moanne septimber binne it de Lês-mar-foar- wiken. Geartsje Douma komt nei de bibloteek mei har keyboard, in koffer fol muzykynstrumintsjes en fansels mei de Tomke-poppen. Pjutten, beukers mei heiten, memmen, pakes en beppes, binne fan herte wolkom by dizze foarstelling.

Wa’t it leuk fynt, mei yn ‘e pyama komme, dan meitsje we der in moai feestje fan!