Programs foar Skoallen en Pjutteboartersplakken 2016

October 3rd, 2016

Berneboeketiid 2016

Geartsje Douma is learkrêft oan in basis-skoalle yn de Pein. Op skoalle, mar ek yn har frije tiid, nifelt se graach en is se in soad mei muzyk dwaande. Se makket graach berneferskes. Har earste ferskebondel, Deuntsjes foar dy, yn gearwurking mei Hindrik van der Meer, ferskynde yn 2000. Sûnt dy tiid hat se in protte ferskes makke foar it Tomke projekt. Derneist skriuwt se ek gedichtsjes en boekjes op rym. Yn it bondeltsje Tûzenpoatsjes steane fingerspultsjes, gedichtsjes en opsisferskes oer in grut ferkaad oan tema’s.
Geartsje hat in program foar pjutten en groep 1 o/m 4.

Geartsje slút oan by it tema fan ‘Pake en beppe’.

Se hat in program oer:

– Pake- en beppe dei
– Nei pake en beppe ta
– Mei pake en beppe fuort

Ferske:  Hoi pake en beppe

Op fersyk fan skoallen en pjutteboartersplakken kin der ek in oar tema sintraal stean. Geartsje komt del mei in koffer fol materiaal: in keyboard, allerhande muzykynstrumintsjes, poppen en bisten. Se sjongt en makket muzyk mei de bern, lêst rymkes, gedichtsjes en ferhaaltsjes foar en spilet se út mei de bern. Op fersyk kin der in bypassend nifelwurkje makke wurde.

Beskikber yn oerlis op woansdei en tongersdei.

Kosten: € 50,00 it program (eksklusyf reiskosten).

Mear ynformaasje:

Banner