Programs foar Skoallen en Pjutteboartersplakken 2017

September 10th, 2017

Berneboeketiid 2017

Geartsje Douma nifelt graach en is in soad dwaande met skriuwen en muzyk. Se belibbet in protte wille oan it meitsjen fan berneferskes. Har earste ferskebondel ‘Deuntsjes foar dy’, yn gearwurking mei Hindrik van der Meer, ferskynde yn 2000. Sûnt dy tiid hat se in protte ferskes, gedichtsjes en ferhaaltsjes makke foar it Tomke projekt. Yn har programs makket se faak gebrûk fan de  fingerspultsjes en gedichtsjes út har bondel ‘Tûzenpoatsjes’. Geartsje hat in program foar pjutten en groep 1 o/m 4.

Geartsje slút oan by it tema fan de Berneboekewike 2017 ‘Grouwélich Aaklik!’.

Se hat in program oer:

   * Bang wêze
   * Grize fan inge bisten
   * Grize fan fize dingen’
   * Ssst! De tiger sliept: in Fryske oersetting fan ‘Ssst! De tijger slaapt’

Ssst!

De tiger sliept sa lekker.
Wy meitsje har net wekker.
De tiger mei har streepkesfel
leit yn’t paad. Gjinien kin der del.

De bisten móatte oer de wei
se ha ek noch ballonnen mei.
Ynienen ropt de kikkert: ‘hee,
ik ha in goed idee.’

Op fersyk fan skoallen en pjutteboartersplakken kin der ek in oar tema sintraal stean. Geartsje komt del mei in in keyboard en in koffer fol muzykynstrumintsjes, poppen en bisten. Se sjongt en makket muzyk mei de bern, lêst rymkes, gedichtsjes en ferhaaltsjes foar en spilet se út mei de bern. Op fersyk kin der in bypassend nifelwurkje makke wurde.

Beskikber yn oerlis op tongersdei.

Kosten: € 50,00 it program (eksklusyf reiskosten).

Mear ynformaasje:

fia de e-mail: geartsjedouma@gmail.com