Programs foar Skoallen en Pjutteboartersplakken 2018

September 12th, 2018

Berneboeketiid 2018

Geartsje Douma nifelt graach en is in soad mei muzyk dwaande. Se belibbet in protte wille oan it meitsjen fan berneferskes. Har earste ferskebondel ‘Deuntsjes foar dy’, yn gearwurking mei Hindrik van der Meer, ferskynde yn 2000. Sûnt dy tiid hat se in protte ferskes, gedichtsjes en ferhaaltsjes makke foar it Tomke projekt. Yn har programs makket se neist it Tomke materiaal ek faak gebrûk fan de fingerspultsjes en gedichtsjes út har bondel ‘Tûzenpoatsjes’. Geartsje hat in program foar pjutten en groep 1 o/m 4.

Geartsje slút oan by it tema fan ‘Freonskip’.

Yn it program giet it oer: Ferrasse, rúzje meitsje, leafde en trouwe.

Op fersyk fan skoallen en pjutteboartersplakken kin der ek in oar tema sintraal stean. Geartsje komt del mei in keyboard en in koffer fol muzykynstrumintsjes, poppen en bisten. Se sjongt en makket muzyk mei de bern, lêst rymkes, gedichtsjes en ferhaaltsjes foar en spilet se út mei de bern. Op fersyk kin der in bypassend nifelwurkje makke wurde.

 

Beskikber yn oerlis.

Kosten: € 20,00 it program (eksklusyf reiskosten).

Mear ynformaasje:

fia de e-mail: geartsjedouma@gmail.com