Biografy

Geartsje Douma waard berne op 29 febrewaris 1956 yn Heech, Yn de Pein groeide se op mei my twa âldere suskes, yn in húshâlding dêr’t alle dagen songen en muzyk makke wurde.
Alle 3 bern songen yn in bernekoar, krigen blokfluitles, oargelles en learden in blaasynstrumint bespyljen.
As famke fan 6 jier wûn se in priis op in foardrachtskriich en krige dêr har earste Fryske berneboekje: Krommelomke, skreaun troch Diuwke Winsemius. It is lang har ienige Fryske boek west. Geartsje lies de earste tsien jier allinne Hollânske boeken; op skoalle learden se gjin Frysk.

Doe’t se op de opliedingsskoalle foar beukerliedsters siet, krige se wer mei Frysk lêzen te krijen en ûntduts hoe natuerlik en fertroud it foar har wie.
As takomstich beukerliedster moast se har ferdjipje yn berneferskes en se ek sels meitsje.
Doe krige se de smaak te pakken, it gong fansels en se makke njoggen en tweintich hollânske- en ek ien frysk berneferske.
Der wurde har oanret om de ferskes te publisearjen, mar dêr wie se doe noch net oan ta.

Earst nei  tweintich jier, doe’t se har wurk as learkrêft wer oppakte, is se opnij begûn mei it meitsjen fan berneferskes, en doe yn har memmetaal: it Frysk.
Yn gearwurking mei Hindrik van der Meer binne yn 2000 har earste Fryske berneferskes yn de bondel Deuntsjes foar Dy ferskynd.

Sûnt 2000 binne der neist berneferskes ek gedichtsjes, printeboekjes, in nifelboek en Krystspullen fan har hân publisearre.

Nei it meitsjen fan hûnderten Fryske berneferskes makket Geartsje sûnt 2013 ek Hollânske berneferskes.

Jonge skriuwster

Omdat Geartsje berne is op 29 febrewaris is se noch hieltyd in jonge skriuwster.
Se skreau dêr it foljende gedichtsje oer.

Skrikkeldei

Hast alle jierren rop ik lilk:                              
‘myn jierdei, wol blinder!                                
stiet foar de safolste kear                               
wèr net op de kalinder!’                                  

Mar as it wat saksearre is
en ik wer laitsj’ en sjong,
tink ik, wat kin’t my skele,
ìk bliuw langer jong!

Mei ien jier gong ik al nei skoalle,
mei fiif jier wie ‘k al juf, echt wier!
As myn freonen tachtich binne,
bin ik noch mar tweintich jier.

Dat is dochs wol hiel bysûnder.
Wa docht my dat nei?
Dat kin allinne mar in minske
dy’t berne is op skrikkeldei.

Op oanfraach fersoarget Geartsje âlderjûnen en programs foar pjutten en bern fan de ûnderbou fan de Basisskoalle.