Feest foar Tomke!

September 24th, 2021

Feest foar Tomke!

Saterdei, 18 septimber, wie it grut feest yn paviljoen MeM, yn Bûtenpost. Tomke, dy’t 25 jier waard, fierde syn jierdei midden yn de natuer.

It waar wie ek feestlik; de sinne skynde de hiele dei. Yn in prachtige omjouwing koenen de pjutten boartsje, mar ek genietsje fan toniel, sjongen en muzyk.