Fjouwer nije aventoeren fan Tomke!
By de Afûk binne fjouwer moaie nije rigeboekjes fan Tomke ferskynd. Foar alle seizoenen hat Geartsje Douma in moai ferhaal op rym skreaun. Luuk Klazenga soarge foar de oansprekkende yllustraasjes.
Yn ‘Tomke en de bijen’ is it maitiid. Tomke siket blomkes foar Kornelia. Mar o nee, hy sjocht in bij. Help! Romke wol de bij pakke, mar Kornelia hâldt him tsjin. Se nimt Tomke en Romke mei nei ymker Jan, en dêr sjogge se wat bijen allegear dogge.
Yn ‘Tomke op fakânsje’ it it simmer. Tomke sil mei Romke en Kornelia op fakânsje. Se ride nei de camping. Dêr is fan alles te sjen en te dwaan. Mar it moaiste is fansels it sliepen yn in echte tinte…
Yn ‘Tomke nei de bosk’ is it hjerst. Yana Yu komt mei in pear pompoenen by Tomke. Dêr kinne se it hús moai mei fersiere! Kornelia nimt harren mei nei de bosk om noch mear moais te sykjen. Bledsjes, ikels, kastanjes… Wat in moaie kleuren! Wat kinst dêr allegear mei dwaan?
Yn ‘Tomke op it iis’ is it winter. Der leit iis op ’e fiver! Tomke wol graach reedride, mar hy wibelt wol in bytsje… Mei in stoel giet it better, en wa kin moai op ’e stoel sitte?
Mear ynformaasje op Afûk Websjop
Vier nieuwe avonturen van Tomke!
Bij de Afûk zijn vier mooie nieuwe serieboekjes van Tomke verschenen. Voor elk seizoen heeft Geartsje Douma een mooi verhaaltje op rijm geschreven. Luuk Klazenga zorgde voor de aansprekende illustraties.
Meer informatie op Afûk Websjop