Programs foar skoallen en pjutteboartersplakken 2016

Kribelpoatsjes

In spintsje, kribel kribel op myn holle.
In spintsje, kribel kribel yn myn nekke
In spintsje, kribel kribel op myn skouder.
In spintsje, kribel kribel op myn hân.
Wat in protte poatsjes,
kribel kribelpoatsjes.
Ien twa trije fjouwer fiif seis sân.
Ho wacht, ho wacht,
noch ien, dat binn’ der acht!

(ut Deuntsjes foar dy-AFUK)

Program foar pjutten en groep 1 o/m 4.

Geartsje hat in program oer: Bistkes yn de hjerfst.

Op fersyk fan skoallen en pjutteboartersplakken kin der ek in oar tema sintraal stean. Geartsje komt del mei in koffer fol materiaal: in keyboard, allerhande muzykynstrumintsjes, poppen en bisten. Se sjongt en makket muzyk mei de bern, lêst rymkes, gedichtsjes en ferhaaltsjes foar en spilet se út mei de bern. Op fersyk kin der in bypassend nifelwurkje makke wurde.

Beskikber yn oerlis op woansdei en tongersdei.

Kosten: € 20,00 it program (eksklusyf reiskosten).

Mear ynformaasje: