Foarstelling Ferklaaifeest

Hee clown
Hee clown, wat dochsto dom!
Hee, do stroffelest en do falst om,
ha! ha!
Wat sjochst der grappich út,
mei dyn bolnoas en dyn reade snút,
ha! ha!
Hee clown, wat dochsto dom,
want de bal rolt út dyn hannen, bom,
ha! ha!
Ynhâld:
Der wurdt in Ferklaaifeest by Tomke op skoalle hâlden. Tomke wol graach clown wurde.
As hy thús keunstkes oefent, blykt dat hy noch wol wat fan Romke leare kin.
Tegearre jouwe se in foarstelling foar Kornelia.
Foarstelling Pyamadei

Hjoed hâlde wy pyamadei.
Lekker chille yn de pyama.
Want dat mei, want dat mei,
Dat mei op Pyamadei.
(út Tomke temaboekje 2022)
Ynhâld:
Kornelia en Tomke binne wurch. Se hawwe der gjin nocht oan om de klean oan te lûken.
Dêrom hâlde se in pyamadei. Ek Romke docht mei. Mar in hiele dei op de bank sitte, slagget net. Se dogge spultsjes mei de bern en úteinlik rint it út op in pyamafeest.
Foarstelling ‘Besite út Amsterdam’ (Program foar groep 1 o/m 4)

Hannen en handen
Ik ha hannen en do?
Do hast handen, o, o!
Ik ha twa, do hast twee.
Dat is hielendal okee.
(út Tomke temaboekje 2022)
Ynhâld (in program oer taal)
Lotte, út Amsterdam, komt by Tomke en Romke te boartsjen. Hoewol’t Lotte Hollansk praat, kinne se goed mei-inoar boartsje. Dochs giet der úteinlik wat mis, want fan it wurd ‘boartsje’ hat Lotte in hiel oare foarstelling as Tomke en Romke.
Op fersyk fan skoallen en pjutteboartersplakken kin der ek in oar tema sintraal stean. Geartsje komt del mei in keyboard en in koffer fol muzykynstrumintsjes, poppen en bisten. Se sjongt en makket muzyk mei de bern, lêst rymkes, gedichtsjes en ferhaaltsjes foar dy’t by it tema passe.
Beskikber yn oerlis.
Kosten: € 20,00 it program (eksklusyf reiskosten).
Mear ynformaasje:
fia de e-mail: geartsjedouma@gmail.com